Waarm eksamen ûnder plat dak

20 maaie 2014 - 17:04

De eineksamens foar it fuortset ûnderwiis binne yn folle gong. Tiisde wie der ûnder oare it eksamen wiskunde foar it VWO. It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert sette dêr op bysûndere wize mei útein. Op de souder fan it Gymnasium sieten 83 learlingen klear foar it eksamen. It is ûnder de dakpannen op dizze waarme dei allinnich te dwaan at de airco oan stiet en der genôch te drinken is. Earst waarden de tsien geboaden foarlezen fan de snein ferstoarne Wubbo Ockels.

De VWO-ers sitte noch oant en mei nije wike moandei yn de eksamens.

Trefwurden: 
VWO Beyers Naudé eksamen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)