GrienLinks stipet bernepardon

GroenLinks
Grienlinks Súdwest-Fryslân wol dat de gemeente it 'kinderpardon' stipet. Dat hâldt yn dat bern fan asylsikers dy't hjir al acht jier wenje net mear útsetten wurde kinne.
Dêrfoar ha se tongersdeitejûn in moasje yn de gemeenteried yntsjinne. Dy moasje wurdt stipe troch in grut part fan de partijen yn de ried. Yn Súdwest-Fryslân giet it om trije bern. Lanlik hawwe de PvdA en de ChristenUnie der in inisjatyfwet oer yntsjinne.