Soad animo foar ZiuZ-kamera

20 maaie 2014 - 16:07
  • ZiuZ-kamera

Fanút de hiele wrâld is der belangstelling foar de nachtkamera 'de Strix' fan it bedriuw ZiuZ op De Gordyk. It giet om in kamera dy't ek sûnder ljocht skerperer bylden meitsje kin dan oant no ta mooglik is. Sûnder ynfraread, sa't dat no dien wurdt. Boppedat kin de kamera ek fan dei op nachtstân oerskeakelje. Yn de kelder fan it bedriuw stiet in proefopstelling.

ZiuZ hat ek belangryke software makke dy't de plysje oer de hiele wrâld brûkt by ûndersyk nei berneporno.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)