Transportaksjes tsjin elkoar

20 maaie 2014 - 15:39
  • De Partij voor de Dieren fiert aksje tsjin feetransporten
  • Henk Bleker fan Vee & Logistiek lit sjen hoe't it wol kin

Twa demonstraasjes, ien foar en ien tsjin de wize wêrop fee ferfierd wurdt, hawwe elkoar tiisdeitemiddei troffen op it plein foar de biblioteek yn Ljouwert. De belange-organisaasje foar feetransport, Vee & Logistiek, kaam mei in grutte en moderne frachtwein om sjen te litten dat it ferfier fan fee tsjintwurdich skjin en ferantwurde bart.

De Partij voor de Dieren beweart krekt it tsjinoerstelde en wol dat feetransporten net langer duorje as maksimaal twa oeren yn it belang fan de bisten.

Neffens de foarsitter fan Vee & Logistiek, Henk Bleker, binne de ideeën fan de Partij voor de Dieren yrreëel en is it byld dat de partij sketst oer it feetransport fan tsjintwurdich in karikatuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)