Blog: Yn tsjinst fan de BVD

Yn de tiid fan de kâlde oarloch wie Frits Hoekstra belutsen by it folgjen fan de CPN en har organisaasjes en hâlde kommunistyske ynfiltranten yn de PvdA yn 'e gaten. Hy wurke foar de BVD, de binnenlânske feilichheidstsjinst. "Yn dy tiid folgen we ek de aktiviteiten fan de IRA en de RAF. It wie fan 1971 oant 1987. As manager fan de kontraspionaazje-ôfdieling en letter de koördinaasje fan de ynljochtingetsjinsten fan de plysje. It wie prachtich wurk. In soad kontakten yn it bûtenlân. Myn paspoart wie yn dy tiid op namme fan Frits Schotanus. As ik bygelyks nei London gong, wie ik dêr saneamd om histoarysk ûndersyk te dwaan. En yn Nederlân wurke ik saneamd by personielssaken fan in ministearje. Ek ús bern wisten net wat heit die. Sels myn frou fertelde ik net oer myn wurk." Neidat hy 15 jier út it wurk wie, hat er twa boeken skreaun oer syn baan by de BVD. Mei in soad nocht fertelt Hoekstra hoe't se ynfiltrearden en hoe't se in 'fake' Maoistyske beweging opsetten. "Us agint, in direkteur fan in skoalle yn Nederlan, waard yn Sina ûntfongen troch Mao en krige in banket oanbean troch Tsjoe En Lai. It wie de Amerikanen nea slagge en ús wol".