Blog: Fan de wenbuorkerij nei in filla yn de bergen

20 maaie 2014 - 15:07

We komme der krekt net oan ta om efkes te sjen by de Middellânske See. It is mar in healoerke riden fan Narbonne mar ús ôfspraak mei Frits Hoekstra is om 18:00 oere, dus gau yn de auto nei Villaniere, noardwest fan Carcassonnais. As we it doarp mei 125 ynwenners ynride sjogge we de Fryske flage al wapperjen. Wat in wolkom! Hoekstra wennet yn in grut hûs dat er sels bouwe litten hat. "It gong mei de bou allegear mis, de oannimmer gong fallyt en by de twadde krigen de boufakkers spul", dus hat hy alles fierder sels regele. It is in prachtich hûs wurden mei it sicht op 'e fallei.

Hoekstra is nei Frankryk ferhuze nei't syn frou ferstoar. "Ik woe net langer yn de wenbuorkerij yn Lippenhuzen wenje, it rôp te folle herinnerings op. Ik woe in nije start meitsje yn Frankryk". Hoekstra hie samar kontakt mei de Frânsen en fielt him hjir tige wolkom. Hy sprekt de taal goed, giet nei de aktiviteiten yn it doarp en genietet fan de kulturele aktiviteiten. "Der binne hjir skitterende konserten en festivals". Hy nimt ús mei nei Carcassonnais. It sintrum is de âlde sitadel, in grutte festing op de berg. "Der binne in soad winkeltsjes en restaurantsjes en der wenje ek noch minsken. Eartiids ha de Kataren hjir ynsletten sitten doe't de roomske paus har útroeie woe. Om it leger fan de kening te ûntmoedigjen goaiden se in fette baarch oer de muorre fan de festing. Sa ha se de troepen efkes foar de gek hâlde kinnen, mar troch útputting en sykten ha se úteinlik belies jaan moatten".

It is in grutte sitadel, mei allerhande gebouwen. Alles is goed bewarre bleaun. We ite in hapke yn in gesellich restaurant en ride letter lâns de slingerjen lândykjes werom nei Villaniere.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer 'Op paad yn de Corbières' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)