Feroarings op komst by Palet

Soarchynstelling Palet docht op it stuit ûndersyk nei de takomst fan syn soarchlokaasjes. Dat seit direkteur Roeli Mossel. Palet hat njoggen ynstellings en is op it stuit yn petear mei gemeenten en eigeners fan de gebouwen wêr't fierder ynvestearre wurde sil. Mooglik slute lokaasjes of wurde de fasiliteiten fan ferskate lokaasjes gearfoege. Mossel seit dat der no noch gjin definitive besluten oer naam binne.
Yn oktober dit jier komt Palet mei konkrete plannen wat der mei de ferskate lokaasjes barre sil.