Leenstra langer by Corendon

20 maaie 2014 - 14:06

Reedrydster Marrit Leenstra hat har kontrakt by it team Corendon mei twa jier ferlingd. Dit betsjut dat se foar it sânde seizoen ûnder lieding fan coach Jan van Veen ride sil. Neffens Leenstra wit Van Veen noch altyd de goede snaar by har te reitsjen en is se bliid dat hy ek de kommende twa jier har trainer is.

Marrit Leenstra rjochtet har de kommende jierren wer mear op it allrounden, mar bliuwt ek aktyf op de koarte ôfstannen. Neist Marrit Leenstra sitte ek Lotte van Beek en Sjoerd de Vries by Corendon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)