Blog: Op paad yn de Corbières

20 maaie 2014 - 13:10
  • By it gedicht fan Teun de Vries yn Narbonne
  • Quenelles
  • Yn Narbonne
  • Jan de Boer fertelt

De Corbières binne útrinners fan de Pyreneeën oan de Middellânske See. En ek yn dizze streek wurdt wyn ferboud. Jan fertelt dat de lêste jierren in tredde part fan de wyngerds lykwols ferdwûn. Der hat sels subsydzje west foar it roaien fan wyngerds. Der wie te folle mindere kwaliteit wyn. Lytse wyngerds fan bedriuwkes sûnder opfolging binne no meast ophâlden. De kwaliteit fan de wyn yn de streek is opheech gongen, mar spitigernôch binne hiele âlde rassen ek ferneatige.

Mei Jan ride we troch it lânskip. Lytse kronkeldykjes en sa no in dan in âld doarpke. Hy fertelt oer de striid fan de Kataren, begjin 13de ieu. De Kataren wienen kristenen, mar se sette har ôf tsjin de roomsk-katolike tsjerke. Dat wie fansels tsjin it sin fan de paus, dy't stipe krige fan de kening fan Frankryk. Yn 1209 sammele in grut krúsleger by Lyon, se setten ôf nei it suden fan Frankryk om it katarisme te bestriden. In striid dy't net allinne de Kataren trof. Doe't ien fan de krúsridders frege hoe't hy de ketters fan de goeie katoliken ûnderskiede koe, wie it antwurd: "Doodt ze allen, God zal de Zijnen herkennen".
Uteinlik binne al de Kataren útroeid. Underweis komme we ferskillende kastielen, of ruïnes fan kastielen, tsjin dêr't dizze striid him ôfspile hat.

We lunche mei in Frânsk gerecht: quenelles, in spesjaliteit út Nice. Deegroltsjes mei fisk út de oven. De tomaten yn de salade binne donhkerread, sa kinne wy se net mear yn Fryslân. Middeis ride we nei Narbonne, in moaie stêdsje dêr't Jan oer in pear jier him mei Ana settelje wol. Ek hjir wer in prachtich kastiel midden yn de stêd. In moaie markthal en midden troch de stêd de rivier de Aude. Jan hat him jierenlyn warber makke foar in poëzyrûte, lykas wy yn Ljouwert kinne. Fandêr dat wy hjir in Fryske gedicht fan Teun de Vries oantreffe.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer 'It kulturiele libben fan Jan de Boer (1)' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)