Gjin misstannen by transport

20 maaie 2014 - 13:01
  • Frachtweinen

Fryske transportbedriuwen meitsje net op grutte skaal gebrûk fan bûtenlânske sjauffeurs sûnder wurkfergunning, mar se hawwe wol lêst fan ûnearlike konkurrinsje troch sokke praktiken. Dat seit Edwin Atema fan it fakbûn FNV. Minister Ascher fan sosjale saken hat bedriuwen dy't harren net oan de regels hâlde dit jier al mear as ien miljoen Euro oan boetes oplein.

Neffens it FNV sitte dêr gjin Fryske bedriuwen by. It FNV hat wol in tal dossiers fan fertochte Fryske bedriuwen ynlevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)