Ferlies foar Kazemattemuseum

It Kazemattemuseum op Koarnwertersân rekket ien fan syn topstikken kwyt. It giet om it orizjinele kazemattekanon. It museum hie dat yn brûklien fan it Nationaal Militair Museum yn Soesterberg. Dat wol it kanon werom ha. It Nationaal Militair Museum is ferboud en wurdt ein dit jier weriepene. Omdat der no mear romte is, kin it museum it kazemattekanon wer tentoanstelle.
It kanon wurdt moandei 26 maaie ophelle en dan yn stikken nei Soesterberg brocht.
It is de bedoeling dat it geskut fan in Amerikaanske bommewerper út de Twadde Wrâldoarloch in plakje krijt yn it kazemattenmuseum. Dat waard ferline wike tusken Flylân en Koarnwertersân opfiske troch garnalefiskers.