Boer mei twa jier gjin fee ha

20 maaie 2014 - 12:44

In 77-jierrige hobbyboer út Stynsgea mei fan de rjochter twa jier lang gjin fee hâlde. Docht hy dat wol, dan moat hy in taakstraf fan 150 oeren útfiere. De man moast him tiisdei foar de rjochter ferantwurdzje foar it fertutearzjen fan fee. Neffens de offisier fan justysje is de man net by steat om syn fee goed te ûnderhâlden. Yn desimber moast de boer ek al foarkomme, mar doe't de plysje him ophelje soe foar de rjochtsaak bedrige hy se mei in fjoerwapen.

Yn maart hat de ME de fertochte oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo en hat er in pear wike yn foararrest sitten. Ynkoarten moat de man wer foar de rjochter ferskine foar tarieding moard en wapenbesit.

Trefwurden: 
justysje fee Stynsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)