Plysje siket eigners sieraden

23 feb 2012 - 17:17

De plysje siket de eigners fan sieraden, dy't sneintemiddei troch boartsjende bern fûn waarden yn it wetter oan Oer de Feart op 'e Jouwer. It giet om sulveren sieraden yn doaskes. Neffens de plysje binne se ôfkomstich fan stellerij op 'e Jouwer en doarpen dêr omhinne.

De plysje konkludearret dat omdat der op de doaskes adressen stean fan juweliers op 'e Jouwer. Yn en om de Jouwer is de lêste tiid in soad ynbrutsen, dêrby waarden ek faak gouden sieraden meinaam.

De plysje tinkt dat de dieders dêrop út wiene en dat se dêrom de sulveren sieraden fuortgoaid hawwe. Op de webside 'dadergezocht.nl' stiet in foto fan de sieraden. Minsken dy't der mear oer witte wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
De Jouwer sieraden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)