Húsbisten dupe fan de krisis

Bisten ûnderfine ek de gefolgen fan de ekonomyske krisis. Se wurde op strjitte dumpt of by biste-asyls brocht, omdat de eigeners gjin jild mear hawwe foar fretten of medyske fersoarging. Bisten komme dan al ferturtearze yn in asyl en dat betsjut dat it langer duorret foardat se wer better binne. De earste 14 dagen fan de opfang betellet de gemeente, dêrnei wurdt de fersoarging yn it bisteasyl betelle troch donateurs. Soms sitte de hûnen en katten wol in healjier oant in jier yn de opfang. De Dierenbescherming fynt dat ûnferantwurde.
Tiisdei is de Dierenbescherming begûn mei in kampanje, om de saneamde 'langsitters', oan in nij baaske te helpen. De hûnen en katten binne te sjen op de webside fan de Dierenbescherming.