Dirigint Van der Weerd betocht

23 feb 2012 - 17:05

Yn de Harmonie yn Ljouwert is mei-oprjochter en âld-dirigint fan it Fries Jeugd Orkest Gerard van der Weerd tongersdei muzikaal betocht. Van der Weerd ferstoar sneon oan in hertoanfal doe't er by it 35-jierrich jubileumkonsert it reünyorkest noch ien kear dirigearje soe.

It Frysk Jeugdorkest spile as earbetoan oan Van der Weerd stikken fan Dvorák en Bach. Ek it 90-man sterke reünyorkest hat nochris optreden mei The Sound of Music.

Taspraken wiene der ûnder oaren fan Henk Smink, âld-direkteur fan it Frysk Orkest en mei Van der Weerd grûnlizzer fan it Jeugdorkest. Gerard van der Weerd is dêrnei yn besletten rûnte kremearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)