Nij Fries museum yn einfaze

23 feb 2012 - 16:58

It nije Fries museum op it Saailân yn Ljouwert is yn de ôfwurkfaze, mar pas yn septimber 2013 geane de doarren iepen foar it publyk. Neffes arsjitekt Hubert-Jan Henket en museumdirekteur Saskia Bak leit de bou hielendal op skema. In part fan de yn totaal 19 sealen is klear en dat jildt ek foar de romte mei de baly en de museumwinkel. De 22 meter hege ûntfangsthal stiet noch hielendal yn de stegers.

As it klear is hat it nije museum 35 miljoen euro koste.

Foar it opknappen fan it plein, de oanpassing fan de parkearkelder en oar wurk moast de gemeente Ljouwert 90 miljoen euro op it kleed lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)