20 kandidaten Smellingerlân

Bert Middel © ANP
Foar de boargemasterspost yn Smellingerlân binne tweintich kandidaten, it giet om 16 manlju en 4 froulju. Dy post is frijkommen neidat Bert Middel yn desimber in nije baan oannommen hat by it wetterskip Noorderzijlvest. Fjirtjin fan de sollisitanten hawwe ûnderfining as boargemaster, wethâlder of deputearre. Alle politike kleuren sitte derby, mar it CDA, de PvdA en de VVD binne it meast fertsjintwurdige.
De kommende tiid praat Kommissaris Jorritsma mei de kandidaten en makket in seleksje. Dy wurdt mei de fertrouwenskommisje bepraat.
De gemeenteried moat úteinlik kieze út twa kandidaten. De ferwachting is dat nije boargemaster yn septimber ynstallearre wurde kin. Op dit stuit is Gerrit Jan Polderman waarnimmend boargemaster yn Smellingerlân.