Wagenaar oansteld by Sionsberg

De Sionsberg © Google streetview
Bestjoersfoarsitter fan de Sionsberg Christian Krappel hâldt op. Hy wurdt per 1 maart opfolge troch Johan Wagenaar. Dy sil no it soarchbeliedsplan fan sikehús De Sionsberg útfiere. Dat plan is koartlyn fêststeld troch De Sionsberg, de ynspeksje foar de folkssûnens en De Friesland soarchfersekerder.
Johan Wagenaar hat tolve jier bestjoersfoarsitter west fan it Saansk Medysk Sintrum. Dêrneist hat er as ynterim-manager ferskate reorganisaasjeplannen yn sikehuzen trochfierd.
De Sionsberg moat in sikehús wurde foar polyklinyske soarch en ienfâldige operaasjes. Foar komplekse operaasjes wurde minsken trochferwiisd nei oare sikehuzen.