Selstraf yn Harnzer sedesaak

23 feb 2012 - 14:49
  • Justysje

De 27-jierrige fertochte fan de sedesaak yn Harns hat in selsstraf fan trije jier oplein krigen, wêrfan ien jier ûnder betingst. Dat hat de rjochtbank woansdei bekend makke. De man liet jonges oer him hinne rinne en helle dêr seksueel genot út. Neffens de rjochtbank is yn acht gefallen bewiisd dat er dat dwaan liet.

De advokaat fan de man hie frijspraak easke omdat neffens him de jonges it sels net as seksueel misbrûk seagen. Tsjin de man wie trije jier selsstraf easke, wêrfan in healjier ûnder betingst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)