Cambuur moat winne fan Emmen

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur moat de wedstriid tsjin FC Emmen freed winne. Dat seit trainer Alfons Arts. Neffens Arts jout it goeie spul fan Cambuur him in goed gefoel. Dat der dit jier noch net in wedstriid wûn is, docht oan dat gefoel neat ôf. "We moeten ons zelf nu gaan belonen voor het goede spel", sa seit Arts. Cambuur kin yn de wedstriid tsjin Emmen net beskikke oer Robert van Boxel, Erik Bakker, Vincent Weijl en Leon Hese. Sy binne blesseard. Martijn Barto stiet yn de basis as spits. Mark de Vries en Bob Schepers begjinne op de bank.