Famke bedrige yn park

Plysje © Omrop Fryslân
In famke fan 14 is woansdei yn it Abbingapark bedrige. Se fytste mei freondinnen oer de brêge rjochting Huzum-doarp, doe't se in man mei in hûn tsjinkaam. Se stapte ôf om him te passearjen. Op dat momint begûn de man tsjin har te roppen dat se yn it park net fytse mocht. Mei in skroevedraaier besocht er har bannen lek te stekken, mar dat koe it famke foarkomme.
De plysje koe de man net mear fine, mar is noch al nei him op syk. It giet om in man fan 60 oant 65 jier, mei griis hier en in ûnfersoarge gebit, hy kuiere mei in golden retriever.