Litouwers stelle disel út auto

23 feb 2012 - 10:14

De plysje hat woansdei twa Litouwers oanhâlden omdat se disel stellen hiene út in parkearde auto. In tsjûge belle dat de manlju fertocht dwaande wiene by in auto dy't op de Tuorrebout yn Ljouwert stie. Doe't de plysje oankaam, soene de twa manlju krekt fuortride.

Yn de auto fan de twa stiene jerrycans mei disel en der lei ynbrekkersark. De manlju fan 25 en 28 jier binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)