Koperen wetterliedings stellen

Koper © Omrop Fryslân
Troch stellerij fan koperen wetterliedings is tiisdei de kelder fan in ôfhelrestaurant yn Ljouwert ûnder wetter kommen te stean. Meiwurkers fan it bedriuw neist it restaurant op de Coopmansstrjitte ûntdutsen de stellerij. As gefolch fan ôfbrutsen liedingen wie de kelder ûnder beide bedriuwen folrûn mei wetter.
Der binne inkele meters koper stellen. De 63-jierrige eigner hat oanjefte dien.