Soargen oer Fryske ekonomy

Fryske ûndernimmers binne noch minder posityf oer de ekonomyske ûntwikkeling as harren kollega's yn Grinslân en Drinte. Se ferwachtsje dat de krisis no echt foar klappen soargje sil. Dat docht bliken út de COEN-sifers. Krapoan 30 persint fan de Fryske bedriuwen ferwachtet minder omset te meitsjen. Yn Drinte is dat tsien persint, yn Grinslân sân.
Foaral yn de bou sjocht men it somber yn, dêr tinkt hast de helte dat de omset weromrint. Yn de saaklike tsjinstferliening binne de ûndernimmers it minst negatyf.