Bemanning fermist op Iselmar

23 feb 2012 - 06:26

Op de Iselmar is de hiele nacht socht nei de bemanning fan in wurkskip dat woansdeitejûn sonken is. De Kustwacht krige om healwei achten in needoprop omdat it skip wetter makke. It wurkskip wie earder op de dei út de haven fan Harns weigien en troch de sluzen fan Koarnwertersân de Iselmar opgien.

Tal fan rêdingboaten fearen út om te helpen. Mei in helikopter waard ek socht. Nei oeren fan sykjen waard it sonken wurkskip fûn op de hichte fan Den Oever. De beide bemanningsleden waarden net fûn.

Dûkers fan de Marine hawwe it sonken skip trochsocht mar ek dy koene se net fine. Om fjouwer oere tongersdeitemoarn is de sykaksje stopset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)