Blog: Jacob krijt tips fan Douwe Visser

20 maaie 2014 - 10:12

Jacob van der Meulen hat syn ljocht opstutsen by skûtsjeskipper Douwe Visser fan Snits yn de oanrin nei de Special Olympics heal juny. Oan board fan de Sneker Pan krige de hurdsiler fan Visser tips hoe’t er omgean kin mei wedstriidspanning en hoe’t je yn in sylrace rêstich bliuwe kinne.

Ek mocht de 49-jierrige Jacob efkes it roer oernimme fan Douwe Visser. Jacob’s coach Jan Posthuma skat de kânsen foar Jacob by de sylwedstriden op de Special Olympics heech yn. Earemetaal moat der yn sitte, neffens Jan Posthuma. De wedstriden wurde op 14 en 15 juny hâlden op de Snitsermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)