Motorrider ûnderút yn St. Anne

20 maaie 2014 - 10:03

In 60-jierrige man út Sint Anne is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. In 23-jierrige motorrider út Berltsum ried oer de Warmoesstrjitte en gie troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút. Dêrby soe er de scootmobiel fan de man út Sint Anne rekke ha. Dy moast foar behanneling nei it sikehûs. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)