Brandaris offisjeel iepen

20 maaie 2014 - 07:38

De Brandaris op Skylge wurdt tiisdeitemiddei offisjeel iepene. De ôfrûne fiif moannen is de fjoertoer renovearre. Kezinen en dakbedekking binne ferfongen en ek de binnenkant fan de fjoertoer is folslein fernijd. Sa is der nije lift yn de toer kaam, binne der nije wurkromtes, in nije keuken en nij sanitêr.

De Brandaris is de âldste fjoertoer fan Nederlân. De toer bestiet dit jier 420 jier. PostNL hat in spesjale Brandaris-postsegel makke. Dy wurdt presintearre by de weriepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)