Ofkomst masinegewearen bekend

19 maaie 2014 - 20:01

De twa swiere masinegewearen dy't ferline wike út de Waadsee opfiske binne, komme fan in Amerikaanske B17-bommewerper dy't op 16 desimber 1943 delstoart is. Dat docht bliken út ûndersyk troch de Stifting Missing Airmen.

Op de gewearen wie it identifikaasjenûmer noch te lêzen. Dêrtroch koe it fleantúch frij rap fûn wurde. Mei help fan Amerikaanske argiven hat de stifting ek achterhelje kinnen wa't krekt yn it delstoart fleantúch sieten en hawwe se kontakt lein mei de neibesteanden.

Wat der mei de gewearen sels barre sil, is noch net dúdlik. Mooglik krije se in plakje yn it Kazemattemuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)