'Harns ôfboulokaasje skippen'

In tal werven yn Fryslân, Grinslân en Drinte wol yn de nije bûtenhaven fan Harns in ôfboulokaasje oanlizze. Dêr kinne gruttere skippen ynelkoar set wurde. Dat wurdt op de lokaasjes fan de werven lykas bygelyks yn Strobos, Frjentsjer en Meppel hieltyd dreger. De werven hoopje dat de provinsje Fryslân en de gemeente Harns it inisjatyf stypje sille.
It plan foar de ôfboulokaasje is tiisdei bekend makke by de besite fan minister Jeroen Dijsselbloem oan skipswef Barkmeijer yn Strobos.
Dy wol boppedat útsykje oft yn Europa yn guon gefallen sprake is fan ûnearlike konkurrinsje by it binnenheljen fan oarders yn de skipsbou.