Bern klem tusken betonbakken

Bern klem tusken betonbakken © Tino Broekstra
In berntsje is moandeitemiddei fêst kaam te sitten tusken twa betonnen bakken op de Dwerswyk yn Drachten. Hoe't dat barre koe, kin de plysje noch net sizze. De brânwacht hat derfoar soarge dat de twa bakken útelkoar skood waarden. It berntsje koe dêrnei befrijd wurde.
It bern is oerdroegen oan ambulânsepersoniel. Oft it bern ek ferwûne rekke is, is net bekend.