Undersyk nei trek fisken

22 feb 2012 - 15:08
  • Waadsee

Der komt in nij grut ûndersyk nei hoefolle fisk besiket fan de Waadsee ôf Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân yn te kommen. Goed fyftich frijwilligers mjitte de kommende trije jier twa kear yn de wike hoefolle fisk fan see nei swiet wetter swimme wol. Dat gebeurt op 17 plakken wêrûnder Harns, Roptasyl, Swarte Haan en Lauwerseach. De kommende jierren wurdt in soad dien om it trekkende fisken makliker te meitsjen om op it binnenwetter te kommen. Om te sjen of it ek echt helpt, moat de situaasje wol goed yn kaart brocht wurde.

Frijwillgers fan de Werkgroep Vissen Onderzoek Fryslân dogge de mjittings. Tsien jier lyn hat Rykswettersteat ek alris sa'n ûndersyk hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)