Driigjende dronken Burgumer

19 maaie 2014 - 15:00

In 42-jierrige man út Burgum is sneintejûn oanhâlden foar bedriging. De man hie earder op 'e jûn drige in kafee yn it sintrum yn 'e brân te stekken. Meiwurkers warskôgen de plysje.

Doe't de plysje kaam, waard al gau dúdlik dat de man fierste folle drank op hie. De man is fêstset op it plysjeburo. De meiwurkers hawwe oanjefte tsjin him dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)