Himpkwekerij Boerum oprôle

© Jan Beets, 112nederland
De plysje hat tiisdei yn Boerum in himpkwekerij oprôle. Yn in gebou oan de Lijkele Boonstrawei stiene hast 1600 planten yn in profesjonele kwekerij. De planten binne ferneatige.
De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei't der by buorlju in stroomsteuring wie. Der wiene gjin minsken oanwêzich yn de kwekerij. Nei de eigeners docht de plysje noch ûndersyk.