Thússoarch op de iPad

Hieltyd mear kliïnten fan ZuidOostZorg meitsje gebrûk fan byldsoarch. Se dogge dat mei help fan de iPad. Kliïnten kinne fia it apparaat fragen stelle oan de wykferpleechkundige. Dêrtroch hoecht de ferpleechkundige net altyd mear del te kommen. Neffens de thússoarchorganisaasje kinne minsken op dy wize folle langer thús wenjen bliuwe.
ZuidOostZorg sil ek noch útprobearje hoe't technologyske ûntwikkelings helpe kinne by minsken dy't demint kinne. Minsken dy't demintearjend binne krije in thússkerm mei mar ien knop mei it wurd 'suster'.
Ek binne der ferskate medyske tapassings mooglik mei help fan de iPad, lykas it mjitten fan temperatuer en bloeddruk en it yn 'e gaten hâlden fan minsken dy't lest hawwe fan harren luchtwegen. De gegevens wurde dan dield mei thússoarch en húsdokter. Op dit stuit hat ientredde part fan alle kliïnten in iPad. Dat wurde der op koarte termyn grif folle mear, ferwachtet de thússoarchorganisaasje.