Stripmanifestaasje grut súkses

Goed 1700 stripfans en leafhawwers fan yllustraasjes kamen dit wykein yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten op de Stripmanifestaasje fan it Noarden ôf. It wie de earste kear dat der yn Noard-Nederlân in grut strip-evenemint organisearre waard. Op de beurs stiene goed 80 standhâlders dy't guod ferkochten, mar ek 80 striptekeners dy't workshops en útlis joegen oer harren wurk.
Ek lanlik bekende striptekeners as Jan Kruis (Jan, Jans en de Kinderen) en Dick Heins (Suske en Wiske) wiene oanwêzich.
Takom jier wurdt de Noardlike stripmanifestaasje wer yn Drachten organisearre.