Houlik as learprojekt skoalle

Yn de trouseal fan it gemeentehûs fan Opsterlân is freed in bysûndere trouwerij. Twa learkrêften fan de iepenbiere Daltonskoalle De Trime út Beetstersweach trouwe mei elkoar. Se dogge dat mei de 65 learlingen fan de skoalle as publyk. It giet om in sabeare houlik yn it ramt fan in projekt dat de skoalle hâldt oer leafde. It houlik wurdt sletten troch in trou-amtner dy't ek pake is fan twa fan de learlingen fan de skoalle.