Weening wint etappe yn Giro

18 maaie 2014 - 17:15

Pieter Weening hat snein de njoggende etappe yn de Giro d'Italia wûn. De Harkyt fan de Orica GreenEdge-ploech siet al gau yn in grutte kopgroep en wist 18 kilometer foar de finish fuort te springen. Nei in kilometer kaam de Italiaan Malacarna by him en tegearre rieden se nei de einstreek. Weening ried tûk en wûn de sprint mei oermacht. It is foar Pieter Weening de twadde etappewinst yn de Giro d'Italia, yn 2011 wûn hy ek in etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)