Wagenaar c.s. winne yn Penjum

It partoer fan Lisette Wagenaar © awfoto.nl
Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra ha snein de twadde frije formaasje haadklassepartij keatsen fan it seizoen op harren namme skreaun. Yn Penjum wie it trijetal yn de einstriid mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga.
It tredde plak gong nei Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Harmke Siegersma, dy't de striid om de lytse preemje mei 5-3 en 6-4 wûnen fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer.