LDODK kampioen haadklasse
De kuorballers fan LDODK binne snein kampioen wurden yn de haadklasse op it fjild. Yn Wormer wûn de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool mei 15-14 fan Groen Geel. Yn in lykopgeande striid rûn Groen Geel foar rêst út nei in 8-7 foarsprong. Yn de twadde helte foelen der mar in pear doelpunten. By 9-7 herstelde LDODK him knap en naam de lieding oer mei 9-11. Dêrnei foelen de goals om en om. Mei noch 1 minút op de klok wie it André Zwart dy't de ferlossende treffer makke.
LDODK komt takom seizoen op it fjild út yn de eareklasse.
De Hoeve wûn de Fryske twastriid fan SCO mei 17-11. Mid-Fryslân wûn by AWDTV mei 22-20.