Mear fleksibel ûnderwiis

Middelbere skoallen moatte mear romte krije om it tal lesoeren oan te passen oan in learling ynstee fan allinnich de 1040 oerenoarm te skrassen. Dat seit direksjefoarsitter Hans Wildeboer fan de kristlike skoallemienskip Comenius yn Ljouwert. Dekker wol ôf fan de ferplichting dat learlingen jierliks 1040 oeren op skoalle wêze moatte. It tal oeren wurdt werombrocht nei 1000, mar neffens Wildeboer moat de kwaliteit fan it ûnderwiis en de resultaten mear sintraal komme te stean en net it tal oeren dat it learling les krijt.
"Der wurdt no mear sjoen nei de kwantiteit as de kwaliteit fan it ûnderwiis", sa seit der. Wildeboer pleitet foar mear fleksibel ûnderwiis wêrby't bern dy't goed leare kinne minder oeren klassikaal lessen folgje, mar thús of yn in apart skoallokaal selsstandich leare. Op dizze wize is der mear romte en tiid om learlingen persoanlike oandacht te jaan en wurdt tagelyk wat dien oan it probleem fan grôtfolle leslokalen.