Kassenberg 4e by heale maraton

18 maaie 2014 - 13:49

Yvonne Kassenberg fan Ljouwert is der snein krekt net yn slagge in poadiumplak te pakken op de heale maraton by de Loop fan Ljouwert. Kassenberg kaam yn in tiid fan 1 oere, 25 minuten en 37 sekonden oer de einstreek en dêrmei einige se as fjirde. It poadium by de froulju wie folslein Keniaans. De winst gong nei Martha Akeno yn in winnende tiid fan 1.12.44.

By de manlju wie der ek in Keniaanske winner. Dêr wie Louis Ndima de rapste yn 1.07.08. Rapste Fries wie Willem de Boer fan Exmoarra yn 1.12.39, goed foar it fyfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)