Ekstra wetter foar Looprinners

18 maaie 2014 - 12:01

De dielnimmers oan Loop Leeuwarden hawwe snein behoarlik lêst fan de waarmte hân. De organisaasje hie wol soarge foar ekstra wettertaappunten oan de rûtes, mar de measte rinners fûnen it in swiere loop. De organisaasje is lykwols tefreden oer it ferrin fan it evenemint. Der hawwe sa'n 6000 minsken meidien oan de ferskate ûnderdielen.

De sporters dy't moarns starten, hiene noch gjin lêst fan de waarmte, mar letter op de dei moasten de helptsjinsten wol yn aksje komme, omdat de temperatueren doe fluch oprûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)