Bouwmeester sil wer sile

18 maaie 2014 - 11:30

Roelof Bouwmeester begjint wer mei silen. Bouwmeester gong de lêste tiid mei syn suster Marit mei as trainingspartner. Dat hat him sa goed foldien, dat er no besluten hat him wer te rjochtsjen op de wedstriidsport.

Foar de Olympyske Spelen yn 2012 wist Bouwmeester him net te kwalifisearjen. Dêrnei is er ophâlden, ek om't er blessueres hie. No fielt er him wer sa goed dat er op 20 maaie meidocht oan in wrâldbekerwedstriid yn Medemblik.

Trefwurden: 
silen Roelof Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)