Grutte Bear/Pulp Fiction winne

17 maaie 2014 - 17:45

De sloeproeiers fan de Grutte Bear meie har de nije Frysk kampioen sloeproeien neame. De roeiers fan De Jouwer wienen sneon de bêsten by it Iepen Frysk kampioenskip sloeproeien op De Lemmer. It twadde plak wie foar de Razende Snol út Rutten.

By de froulju gong de winst nei Pulp Fiction fan Makkum. De fruolju fan de Grutte Bear einigen as twadde. De roeiers hienen in prachtdei mei folop sinneskyn waar en net folle wyn.

Trefwurden: 
De Lemmer FK sloeproeien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)