Gat ûnder kariljon Drachten

It Drachtsterfeartprojekt hat it plak fan it kariljon yn Drachten berikt. Under it kariljon sit dan ek in hiel grut gat. Noch foar de simmerfakânsje sil der wer wetter streame yn de nije Drachtsterfeart. Ein april hat weth6alder Ties Zweers dan sein, doe't de brêge De Piip offisjeel iepene waard. Dat is de nije fêste brêge yn de Drachtster Suderhegewei dy't oer de nije Drachtsterfeart leit.
It Drachtsterfeartprojekt kostet hast 18 miljoen euro en moat yn 2016 klear wêze.