Blog: Buorkje yn de gouden trijehoeke

Dit gebiet yn Frankryk leit yn de trijehoeke Middellânske See, Atlantyske Oseaan en de Pyreneën. Dêrtroch ûntstiet in luchtstreaming dy't makket dat it hjir poergeskikt is foar it telen fan sied. It leveret in mikroklimaat op mei hast gjin útsjitters. It bedriuw fan de famylje De Boer leit hjir middenyn. Se ferbouwe weed, koalsied en mais foar it sied. Fierder ha se krekt de meloenen plante, ferbouwe se soaja en sinneblommen en as eksperimint dit jier foar it earst teft.
It is hjir simmers waarm en droech. 'Soms zitten der scheuren in de grond van wel een paar cm breed' fertelt Roelof. 'As je je sleutels er in laat vallen bin je se kwyt'. Simmers moatte se sawat trije moanne de gewassen bereine. Op har terrein ha se twa marren. Under de ikkerfjilden leit in drainaazjesysteem dat der foar soarget dat al it reinwetter yn de marren sammelet. As it droech is lizze Roelof en Jan Job in systeem fan buizen oer it lân dat se oanslute op pompen.