Blog: Stellingwervers yn Frankryk

We ride in oerke súdliker en komme yn it departemint Tarn et Garonne. We sjogge in gloaiend lânskip mei benammen bouboeren. Hjir wennet de Stellingwerver famylje De Boer. Jan en Henny de Boer hienen in grut feebedriuw yn Steggerda. Om ferskillende redenen, ûnder oare dat it bedriuw op slot siet, sochten se ein jierren '90 wat oars. Dat it Frankryk wurden is hie ek te krijen mei de âldste soan, Roelof. Hy hie slim lêst fan ekseem yn it wiete Nederlân.
Roelof en syn jongere broer Jan Job ha beide de lânbouskoalle yn Wolvegea dien. Roelof hat altyd boer wurde wollen, Jan Job hie mear mei de technyske kant mar in oplieding hjiryn hat hy net hân. Hy kaam yn Grins telâne op de middelbere hotelskoalle. Wurk dat hy ek mei wille die. Roelof en Jan Job wienen beide klear mei skoalle doe't de plannen foar Frankryk rûn kamen. Jongste broer Herwin wie 15 jier en siet noch op skoalle.
Earst ha se op syk west nei in feebedriuw. Ien kear wienen se der tichtby, mar op it lêste momint gong de keap net troch. It bedriuw by Lavit de Lomange spruts de famylje dalik oan. In ikkerboubedriuw mei sa'n 110 hektare grûn. Yntusken is it mear as 200 hektare grut. Sûnt in jier is heit Jan út de maatskip. Mem Henny sit mei Roelof en Jan Job yn de maatskip, se is ferantwurdlik foar de boekhâlding.