Loop Leeuwarden der klear foar

17 maaie 2014 - 14:57

De organisaasje fan Loop Leeuwarden is klear foar de dei fan snein, ek mei it waarme waar is rekken hâlden. Snein sille sa'n 6000 hurdrinners oan de start stean fan de 8e edysje fan it evenemint. Dielnimmers koene har sneon noch ynskriuwe yn it stedskantoar of harren startbewizen ophelje. Oan de heale maraton dogge ek twa Kenianen mei fan wa't in soad ferwachte wurdt. De oare ôfstannen binne de 5 en 10 kilometer.

Dêrneist binne der ek kuiertochten oer 10, 15, 25 of 35 kilometer. De start dêrfan is yn Harns, Frjentsjer, Dronryp of Deinum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)