Cricket werom yn Ljouwert

Der wurdt wer cricket spile yn Ljouwert. Cricket Club Friesland ferhuzet fan Jobbegea nei de fuotbalfjllden fan LAC Frisia. By dizze Ljouwerter fuotbalklup waard 131 lyn ek al cricket spile.
De measte leden fan de cricketklup komme út Australië, Pakistan en Yndia dêr't cricket tige populêr is. Benammen bûtenlânske studinten fan de Stenden Hegeskoalle spylje cricket, dat him it bêst fergelykje lit mei honkbal. Cricket wurdt yn de simmer spile wannear't it fuotbalseiszoen stilleit.